'Stel OV-chipkaart út'

01 nov 2010 - 14:51
  • GrienLinks is tsjin it ynfieren fan de OV-chipkaar yn desimber

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat de ynfiering fan de OV-chipkaart yn de Fryske bussen op 'e nij útsteld wurdt. De provinsje is fan doel de OV-chipkaart op 23 desimber yn te fieren.

Mei yngong fan dy dei kin dan net mear reizge wurde mei strippekaarten. Mei de realisaasje fan ekstra oplaadpunten en in spesjale foarljochtingskampanje dy't moandei yn Ljouwert begûn wol de provinsje reizgers waarm meitsje foar de OV-chipkaart. Mar der is noch in soad wjerstân tsjin it systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)