Stel oanhâlden mei drugs

28 jan 2013 - 11:23
  • Oanhâlden

By in ferkearskontrôle yn Snits hat de plysje sneintenacht twa ynsittenden fan in auto oanhâlden foar it yn besit hawwen fan drugs en in iepensteande finzenisstraf. De bestjoerder moast noch in lytse 1600 euro oan boetes betelje of in finzenisstraf útsitte. Omdat hy net betelje koe is hy ynsletten.

De frou (19) út Heiloo dy't by him yn de auto siet hie in tal XTC-pillen en hast 23 gram amfetamine yn de tas. De frou is ek ynsletten en de drugs binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)