Stekpartij yn Ljouwert

25 jul 2008 - 10:22

In ynwenner fan Ljouwert is tongersdei troch in plakgenoat yn de earm stutsen. Dit barde foar it hûs fan de 68-jierrige fertochte. It slachtoffer hie by de man oanbelle om te praten. De twa krigen spul, wêrnei't de man mei in skerp foarwerp stutsen waard.

De ynskeakele plysje hâlde de man dêrnei oan yn syn hûs. Dêr fûn de plysje in mes, mar de man ûntkende stutsen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)