Stekpartij yn Ljouwert

04 mrt 2008 - 11:46

De plysje hat yn de nacht nei tiisdei in Ljouwerter (45) oanhâlden om't er twa minsken stutsen hawwe soe mei in mes. De stekpartij gebeurde yn in horekasaak oan de Grutte_Heechstrjitte yn Ljouwert.

De man soe om úndúdlike redenen in man (22) út Ede yn it gesicht en de skonk stutsen hawwe. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. In oare klant dy't ek troch de Ljouwerter oanfallen waard, rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)