Stekpartij yn Grou

02 maaie 2005 - 16:58

De plysje hat sneontejûn in 23-jierrige man út Tsjalbert oanhâlden op fertinking fan poging ta deaslach of swiere mishanneling. Earder dy jûn hie de fertochte fia de telefoan wurden hân mei in 19-jierrige jonge út Grou.

De fertochte wie dêrnei mei in freon yn 'e auto nei Grou riden. Hy trof de man op de Skillerij. Neffens tsjûgen hat er him mei in skerp foarwerp stutsen. De fertochte is oanhâlden. Nei de freon wurdt noch socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)