Stekpartij yn Frijheidswyk

16 aug 2004 - 09:34

Twa manlju, ien fan 36 jier en in minderjierrige jonge, binne sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in stekpartij yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. Omwenners hiene melding dien fan de stekpartij by de plysje.

De jonge hie stekwûnen oan de hân. Beide persoanen binne per ambulânse oerbrocht nei it MCL. Nei behanneling binne se oerbrocht nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De jonge is wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)