Stekpartij yn Drachten

03 apr 2010 - 14:01

De plysje ûndersiket in stekpartij op de Hooizolder yn Drachten. In ynwenner (32) fan Drachten rekke dêrby ferwûne. Surveillearjende plysjes krigen in melding dat ien mei in mes stutsen wêze soe. It slachtoffer hie in stekwûne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei behanneling mocht er wer nei hûs.

De plysje wit wa't de dieder is. Hy wie net thús doe't de plysje oan de doar kaam. De plysje stelt in neier ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)