Stekpartij by pinautomaat

29 jan 2004 - 00:00

In ynwenner fan Ljouwert (24) is woansdei by in pinautomaat op it Aldehoustertsjerkhôf oerfallen. Trije manlju easken dat er jild opnaam, mar dat wegere er. Doe't er fuortrinne woe, waard er twa kear stutsen. De oerfallers trochsochten syn bûsen en namen syn beurs mei. Dêryn sieten in pinpas en inkelde tsientallen euro's.

It slagge de man de plysje te beljen. Hy is mei ferwûnings oan 'e foet en 'e earm nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)