Stekpartij op stasjon Ljouwert

10 nov 2004 - 11:48

By in stekpartij op it stasjon fan Ljouwert is tiisdei in man swier ferwûne rekke. De dieder, in Ljouwerter fan 23 jier, is noch deselde middei oanhâlden yn Ljouwert. Dieder en slachtoffer koene inoar út de Ljouwerter drugsscene.

It slachtoffer waard yn 'e side stutsen en waard swier ferwûne opnommen yn it Ljouwerter sikehûs. Wat krekt de oanlieding west hat foar de stekpartij is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)