Stekkerij yn Minnertsgea

14 aug 2006 - 12:52

In 23-jierrige man út It Bilt hat in 19-jierrige ynwenner fan Sint Jabik yn it boppeliif stutsen. Dat gebeurde nei't de twa manlju rûzje makken sneontejûn yn in wente yn Minnertsgea.

De 19-jierrige is nei de stekkerij nei in kafee ta flechten dêr't it personeel de ambulânse kommen litten hat. De 23-jierrige man is letter yn syn hûs oanhâlden troch de plysje. Der is in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)