Stekkerij yn Hallum

07 jan 2012 - 14:41
  • Tsjinstwapen plysje

In 23-jierrige ynwenner fan Hallum is freedtenacht oanhâlden nei stekkerij op de Langebuorren it doarp. Tsjin fjouwer oere moarns troffen plysjes dêr nei in melding in 30-jierrige Hallumer oan. It slachtoffer lei op strjitte en hie in stekwûn yn it liif. De twa hiene yn in kafee rûzje krigen. Bûten op strjitte waard dat ta stekkerij.

De 23-jierrige fertochte moast mei nei it plysjeburo. Syn mes is yn beslach naam. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)