Stekkerij by fersoargingstehûs

11 nov 2002 - 00:00

In 36-jierrige befeiligingsmeiwurkster fan fersoargingshûs Greunshiem yn Ljouwert is sneintenacht mei in mes stutsen. De frou stie op har ronde bûtendoar ynienen each yn each mei in man mei in stilletto. Se woe har telefoan krije, mar de man joech har in fyk yn it ear en naaide doe út.

It giet om in blanke man fan tusken de 20 en 25 jier. Hy hat in keale holle, in rûn gesicht en in donker snorke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)