Stekker út omrop Mercurius

01 maaie 2014 - 05:59

De lokale omrop Mercurius yn Ljouwert bestiet net mear. Woansdeitejûn hat foarsitter Jouwert Gros de stekker der offisjeel útlutsen. Tsientallen jierren hat in grutte groep frijwilligers radio- en televyzjeprogramma's makke yn de Fryske haadstêd, mar dêr is no in ein oan kaam.

Mercurius hat gjin stjoermachtiging mear, omdat de nije lokale omrop LEO dy krigen hat. Woansdei wie de lêste útstjoering op de radio te hearren en dy wie om tsien oere jûns ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)