Stekken op spoarbrêge Kûkherne

13 jul 2004 - 09:49

By de spoarbrêge oer de Kûkhernster feart by De Westerein hat Prorail moandei hege stekken pleatst. De spoarbehearder wol sa foarkomme dat bern fan 'e brêge ôfspringe om te swimmen. Soks is libbensgefaarlik omdat bern earst by it spoar del rinne en dan meisûgd wurde kinne troch de trein.

De stekken binne twa meter heech en der sitte skerpe punten oan. Earder al waarden stekken op oare brêgen mei in spesjale kleefpasta ynsmard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)