Stekken om MFC Surhústerfean

01 maaie 2003 - 00:00

Der wurde ynkoarten stekken pleatst om it multifunksjoneel sintrum It Vleckehûs yn Surhústerfean. De gemeente Achtkarspelen wol sa de oerlêst fan de jongerein bestride. Der wurde ek skynwerpers pleatst en de dakrâne wurdt mei anti-klimpasta ynsmard.

Meiwurkers fan iepenbiere basisskoalle It Skriuwboerd en buertbewenners rommen oant no ta altyd de glêsskerven en de urine op. Se hiene al meardere kearen ferhaal socht by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)