Stekflam ferwûnet man

25 jul 2006 - 11:51

In man út Harns is moandei op in skip op de Lauwersmar ferwûne rekke. De man hie in kiste mei in aggregaat iepenmakke. It aggregaat wie nei alle gedachten te hyt wurden, en doe't de man de kiste iepen hie, ûntstie der in stekflam.

De Harnzer rûn brânwûnen op oan syn skouder en earm. Bemanningsleden fan de rêdingsboat ha it slachtoffer fan it skip helle en nei de fêste wâl brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)