Stekelenburg Omropkommissaris

21 apr 2011 - 11:41
  • Roeland Stekelenburg (foto: Omrop Fryslân)

Roeland Stekelenburg út Amsterdam wurdt op 3 maaie 2011 beneamd ta nij lid fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân. Stekelenburg is berne yn Warkum. Hy studearre oan de Universiteit fan Amsterdam en is sjoernalist, blogger en dokumintêremakker. Hy hat ûnder oare wurke foar de BBC, NOVA, VPRO en NOS.

Stekelenburg is no direkteur ynnovaasje by CMI Holding. Dêr set er ûnder de namme NLbuzz in nijemediabedriuw op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)