Stek om gefaarlike sleat

03 aug 2010 - 14:15

In hantekenaksje fan ynwenners fan Boelensloane foar maatregels by de sleat by it Skulpepaadsje hat fertuten dien. De gemeente Achtkarspelen sil in stek sette tusken it wetter en it paad.

De sleat waard earder dit jier útdjippe. Dêrmei wie neffens de omwenners in gefaarlike situaasje ûntstien. Se begûnen dêrom mei in hantekenaksje. It stek is tydlik. Letter komt der in hage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)