"Stek NUON-jild yn enerzjy"

16 apr 2013 - 10:40

De provinsje moat de frijkommen NUON-jilden yn duorsume enerzje stekke. Dat seit enerzjykoördinator en enerzjesaakkundige Bouwe de Boer tsjin Omrop Fryslân.

De provinsje Fryslân ferkocht yn 2009 de oandielen fan enerzjybedriuw NUON. Dat smiet mear as in miljard euro op. Ofrûne maart makke de provinsje bekend dat 300 miljoen euro fan dit jild yn de Fryske ekonomy stutsen wurde sil. Dat moat yn it foarste plak banen opsmite. mar as it kin ek oansprekkende projekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)