Steinfort Glês fallyt

23 apr 2012 - 13:48
  • steinfort.nl

Glêsprodusint Steinfort fan Frjentsjer sil tiisdei it fallisemint oanfreegje. Dat hat it personiel moandeitemoarn te hearren krigen. Der wurkje in hûndert minsken by it bedriuw.

Steinfort makket glêsprodukten foar de bou en ynrjochting fan winkels. Troch de krisis yn de bou is it tal opdrachten bot sakke. Yn 2009 frege it bedriuw al foar alle meiwurkers deeltiid-ww oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)