Steinfort: 59 banen fuort

07 maaie 2012 - 09:55

Glêsbedriuw Steinfort makket in trochstart. It bedriuw wurdt oernommen troch ynvestearringsmaatskippij Berkenrode út Hoofddorp yn gearwurking mei de direksje fan Steinfort. Dat hat kurator Rotshuizen moandei bekend makke. Berkenrode wie al de eigener fan de gebouwen. Fan 'e 99 meiwurkers ferlieze 59 harren baan. Fjirtich hâlde har wurk.

De trochstart moast sa gau mooglik omdat in soad klanten driichden ôf te heakjen. De meiwurkers krije dizze wike te hearren wa't bliuwe mei. Steinfort sil him no fral talizze op printwurk op glês.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)