Steigenga wint yn Roemenië

18 jul 2006 - 17:23

Sierd Steigenga fan Eksmoarre wûn moandei de twadde etappe yn de Ronde fan Roemenië. Hy wie nei goed 130 kilometer mei in protte klimwurk de rapste yn de einsprint fan in trije man sterke kopgroep. Omdat Steigenga yn de kopgroep siet koe syn ploechmaat Germ van der Burg (Folsgeare) syn giele trui net ferdigenje.

Yn it giel rydt no in Bulgaar, mar Steigenga en Van der Burg steane heech yn it klassemint en ha noch alle kâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)