Steigenga wint yn Dr. Kompenije

11 jun 2006 - 22:51

Hurdfytser Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat sneontemiddei de omloop fan de Drachtster Kompenije wûn. Nei hûndert kilometer wûn Steigenga mei oermacht de sprint fan in kopgroep fan acht man.

Fries om utens Folkert de Haan waard twadde. Sierd Steigenga wûn ek al de kritearia fan Oerterp, Angelslo, Haren en Twizelerheide. Boppedat wie hy de bêste yn de Omloop fan it Ronostrân en de Plysjetrijedaachse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)