Steigenga wint kritearium

29 jun 2008 - 13:30
  • Sierd Steigenga (foto: Martin de Jong)

Hurdfytser Sierd_Steigenga fan Eksmoarre wie sneon yn Jistrum de grutte winner. Hy waard by de tiidrit oer 2,8 kilometer tredde. Hy wûn it kritearium oer 80 kilometer troch de sprint te winnen fan de kopgroep.

Syn grutste konkurrinten Josbert_de_Vries út Grins en Engbert_de_Vegt fan Oerterp hiene de slach healwei koers mist. It wie foar Steigenga de twadde oerwinning yn ien wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)