Steigenga 3de yn Droegeham

19 jun 2004 - 00:00

Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard sneon tredde by de Ronde van de Kerspelen. De ronde oer 137 kilometer troch de Fryske wâlden waard wûn troch Nico van Dijk út Utert. Hy ûntsnapte 12 kilometer foar de finish yn Droegeham út in kopgroep fan 14 man. Arjan Ribbers waard twadde.

It wie de lêste wedstriid yn 'e klubkompetysje. Wielerferiening Otto Ebbens hat him as iennichste Fryske feriening pleatst foar de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)