Stefano Marzo ferlinget kontrakt by SC Hearrenfean

31 mrt 2016 - 10:44
  • Stefano Marzo

Stefano Marzo bliuwt langer by Sportklup Hearrenfean. De Belgyske ferdigener hat syn kontrakt mei twa jier ferlinge. Marzo (25) is dwaande oan syn tredde seizoen by Sportklup Hearrenfean. Oant no ta hat er 74 kompetysjeduels foar de klup spile.

SC Hearrenfean makket gjin gebrûk fan de opsjes op Pele van Anholt en Stephen Warmolts. Van Anholt (24) spilet al foar it fyfde seizoen yn it earste fan de klup. Dêryn spile er 128 kompetysjeduels. Warmolts (21) hat noch net yn it earste fan Hearrenfean spile.

Warmolts is dit jier útliend oan Helmond Sport. Dat de klup net gebrûk makket fan de opsjes betsjut dat Van Anholt en Warmolts oan de ein fan it seizoen fergees fuort kinne. Se hawwe in ôfrinnend kontrakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)