Stefan Groothuis grut kampioen

28 des 2010 - 15:46
  • Stefan Groothuis (foto: Sportfoto.nl)
  • De twa sprintkampioenen (foto: Sportfoto.nl)

Stefan Groothuis is foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen op de sprint wurden. Yn Thialf wûn er opnij de 1000 meter en waard er krekt as op de earste dei twadde op de 500 meter. Dy 500 meter wie wer foar Jan Smeekens. De ynwenner fan Snits liet it dêrnei lizze op de 1000 meter: achtste.

Yn it einklassemint waard Smeekens twadde, Jan Bos tredde en Michel Mulder fjirde. Sjoerd de Vries fan Twellingea waard wer tredde op de 1000 meter, mar ferspile tefolle op de 500.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)