Stêf Sionsberg wol gearwurkje mei MCL

25 nov 2014 - 16:56

De medyske stêf fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum wol graach gearwurkje mei sikehûs MCL yn Ljouwert. Tiisdei waard bekend dat de ein foar De Sionsberg yn sicht is. Soarchgroep Pasana, dêr't is sikehûs ûnder falt, hat in skuld fan 40 miljoen euro. It liket der op dat meikoarten it fallisemint oanfrege wurdt.

Op in byienkomst mei it personiel is sein dat besocht wurdt in trochstart te meitsjen mei de âldereinsoarch, net foar it sikehûs. De medyske stêf sjocht mooglikheden om helpferliening yn Dokkum yn stân te hâlden yn 'e mande mei it MCL.

Oft dat al op koarte termyn slagget is net te sizzen. Der hawwe al wol earste petearen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)