Steenstra, Sprik en Hospes winne frije formaasje Sint-Anne

17 maaie 2015 - 17:43
  • Herman Sprik, kening Tjisse Steenstra en Jan Hospes

Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Jan Hospes hawwe snein ferrassend de frije formaasjepartij yn Sint Anne wûn. Yn in meagere finale wie it trijetal mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Kening Tjisse Steenstra sloech de partij mei syn sânde sitbal út.

Pieter van Althuis rûn by de partij yn Sint Anne in blessuere op. Hy krige de keatsbal yn it each en waard troch Menno van Zwieten ferfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)