Steenstra, Sprik en Feenstra winne frije formaasje yn Bitgum

23 aug 2015 - 18:53
  • De prizen fan de frije formaasjepartij yn Bitgum
  • De twa finalisten fan de frije formaasjepartij yn Bitgum
  • Fryske hynders op it Bitgumer keatsfjild
  • De priiswinners fan it keatsen yn Bitgum

Snein waard de frije formaasjepartij yn Bitgum keatst om njoggen Fryske fôlen. De moaisten geane nei it priiswinnende partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra. Yn in spannende finale wiene sy mei 5-5 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. De lytse preemje gie nei Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

Der wie in smet op dizze Van Aismadei troch it útdielen fan trije blawue kaarten oan it partoer fan De Groot, Hiemstra en Wassenaar.

Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)