Steensma ûndernimming fan 2013

23 apr 2013 - 19:48
  • De winner fan ferline jier, Steensma

Steensma yn Ljouwert en Frjentsjer is de Fryske ûndernimming fan it jier 2013 wurden. Yn in live-tv útstjoering fan Omrop Fryslân by Philips yn Drachten is de winner tiisdei bekendmakke. It bedriuw is benammen bekend fan de konfijterij, mar hat de produksje útwreide nei in grut assortimint foar de bakkerijen. Steensma moast it yn in rjochtstreekse konfrontaasje opnimme tsjin túnbedriuw Hartman út Seisbierrum. Earder yn it programma foelen Ecostyle yn Appelskea en Spruyt Arkebou op It Hearrenfean al ôf.

De sjuery en de stimmers op ynternet keazen foar Steensma en it publyk foar Hartman. De ûndernimmingspriis wurdt al sûnt 1989 útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)