Steensma Food moat ferhúzje

19 jan 2004 - 00:00

It bedriuw Steensma Food út Ljouwert ferhuzet. It bedriuw sit no noch op in lokaasje oan de Potmarge yn Ljouwert. It moat dêr lykwols wei om't de grûn fersmoarge is. Steensma Food ferhuzet no nei in lokaasje yn Frjentsjer.

Steensma leveret grûnstoffen en yngrediïnten oan ambachtlike bakkers en de suvelyndustry. Der sil net ien fan it personiel ûntslein wurde nei oanlieding fan de ferhuzing nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)