Steenhof 3e yn Súd-Schermer

29 apr 2012 - 15:12

Hurdfytster Melissa Steenhof út Oerterp is sneon yn Súd-Schermer tredde wurden op de yndividuele tiidrit by de junioaren. Har doarpsgenoate Wendy Oosterwoud waard achtste. By de junioaren manlju wie der in 10e plak foar Stef Krul út Tjalleberd. Robin Jilesen út Dronryp waard 15e.

By de elite manlju einige Teake-Piet van der Werf út Dearsum op it 11e plak. Anouska Koster fan De Westereen waard by de froulju fyfde. By de beloften kaam Simon Schram út Wolvegea net fierder as in 17e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)