Steegstra yn KNVB-programma

15 aug 2006 - 17:01

Skiedsrjochter Hessel Steegstra út Snits wurdt de kommende tiid ekstra begelaat troch de KNVB. It fuotbalbûn wol dat Nederlânske skiedsrjochters binnen in pear jier wer by de Europeeske top hearre.

It doel is dat Nederlânske skieds- en grinsrjochters wer aktyf binne op Europeeske- en wrâldkampioenskippen. De KNVB hat in programma opset, dêr't 15 skiedsrjochters yn meidraaie. Steegstra is ien fan harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)