Stedswachten yn tsjinst gemeente

12 jan 2005 - 16:30

De gemeente Ljouwert wol it lean fan tritich stedswachten foar trije jier trochbetelje. Dêrmei binne de stedswachten in útsûndering yn de stêd.

De stedswachten sieten yn in saneamde ID-baan en dêr hat it Ryk de subsydzje foar stopset. It kolleezje hat no foarsteld om sels de tritich yn tsjinst te nimmen. Tolve oaren ferlieze wol harren baan. Ljouwert tinkt dat it dan dochs noch wol mooglik is om de feiligens yn de stêd te bewaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)