Stedswachten noch yn ûnwissens

11 nov 2003 - 00:00

Stedswachten yn Ljouwert witte noch net wêr't se oan ta binne. De gemeenteried soe moandei oer de subsydzje foar de Stichting Stedswacht prate. Dat gie lykwols oer. In soad stedswachten driigje ûntslein te wurden om't de gemeente net genôch subsydzje beskikber stelle wol. Se binne no noch banepooler.

De stichting Stedwacht freget 1,4 miljoen euro subsydzje om 59 stedswachten oan it wurk te hâlden. B. en W. wolle der mar 4 ton foar útlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)