Stedswachten meie ek bekeure

07 okt 2003 - 00:00

Stedswachten yn Smellingerlân meie ynkoarten boetes útdiele foar lytse oertrêdings. Dêrûnder falle alkohol drinke op strjitte, it net oprêden fan hûnestront, lûdsoerlêst en fandalisme.

De gemeente hat fan it ministearje fan justysje tastimming krigen foar dit ekstra foech. Wol moat de gemeente de tafersjochhâlders yn tsjinst nimme. Neffens de boargemaster is har status ferlykber mei dy fan de parkearwachten. It giet om tolve stedswachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)