Stedstúndiner foar minsken mei smelle beurs opnij sukses

24 sep 2015 - 22:59

Foar de trêdde kear dit jier is tongersdeitejûn yn restaurant Van Harte yn Ljouwert it stedstúndiner hâlden. It diner is bedoeld foar minsken mei in smelle beurs. Mei help fan tal fan sponsors, frijwilligers en leveransiers wurdt harren foar mar 5 euro in prachtich diner foarset mei produkten út de eigen streek.

It tema wie tongersdei de hjerst. Oan it diner dienen goed hûndert minsken mei. Mear plak wie der net. It fjirde diner stiet foar desimber op it programma yn it nije poppoadium de Neushoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)