Stedsrûnwei Snits diels ticht

26 maaie 2003 - 00:00

De stedsrûnwei fan Snits wurdt nije wike foar in part ôfsletten foar alle ferkear. Der wurdt wurke oan de rotonde foar it ûntsluten fan it nije sportpark Schuttersveld.

Om dy wurksumheden flotter ferrinne te litten wurdt de rûnwei ôfsletten tusken de rotonde nei Ysbrechtum en de rotonde De Loten. It autoferkear wurdt omlaat. Ek it fytspaad njonken de rûnwei is nije wike ôfsletten foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)