Stêdsrûnrit foar nije bewenner

01 nov 2007 - 21:30

De gemeenteriedsfraksje fan de ChristenUnie yn Ljouwert wol de promoasje fan de stêd ferbetterje. De partij wol dêrom stêdsrûnritten organiseare foar nije bewenners.

Alle jierren wurde der tusken de fiif- en seistûzen nije ynwenners ynskreaun yn de gemeente Ljouwert. De ChristenUnie tinkt dat sy goeie ambassadeurs binne fan de stêd. De stêdsrûnritten mei in bus moatte sa'n fiif kear yn it jier hâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)