Stedsrjochten fiere foar twa ton

23 jan 2005 - 14:04

De fiering fan 550 jier stedsrjochten yn Boalsert moat sa'n 200.000 euro kostje. Dat docht bliken út in earste opset fan de gemeente. Augustus 2004 hat in groep minsken ideeën spuit foar de festiviteiten. Twa wurkgroepen ha dêr in programma mei kultuer, muzyk, keunst en histoarje út keazen.

De gemeente wol 75.000 euro bydrage oan de kosten foar de festiviteiten, de rest moat fan sponsors komme. It feest wurdt dit jier hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)