Stedsproblemen motivaasje Dales

03 des 2003 - 00:00

Geert Dales seit sollisitearre te hawwen nei it boargemasterskip fan Ljouwert om't er it in prachtige stêd fynt mei in rike histoary. Boppedat sprekt de grutte-stêds-problematyk fan Ljouwert him oan; saken as wurkleazens, achterstânswiken en drugsoerlêst.

Dales kent Fryslân goed om't syn partner, Rinze de Vries, in Fries is. Foar syn sollisitaasje hat er him bot yn Ljouwert ferdjippe. Boppedat wol er nei syn beneaming gau Frysk leare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)