Stedspriis Ljouwert ynsteld

29 maaie 2003 - 00:00

De histoaryske feriening Ald Levwerd út Ljouwert stelt in eigen priis yn. De ûnderskieding krijt de namme Ald Levwerd Pommeranten Priis en is bedoeld foar dyjinge dy't in opmerklike prestaasje levere hat foar de stêd. Dat kin wêze yn histoarysk, aktueel of kultureel opsicht.

De priis bestiet út in keunstwurk en wurdt alle jierren útrikt, tsien juny foar it earst. Wa't de ûnderskieding dan krijt, is net bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)