Stedspoadium Harns te djoer: gjin steigers en ferljochting

25 feb 2015 - 22:13
  • It stêdhûs fan Harns

Der komme gjin steigers of ferljochting by it nij te bouwen stedspoadium yn de grêft fan de Lytse Foarstrjitte yn Harns. Foar de 100.000 euro dy't de gemeente dêrfoar útlutsen hat, kin dat der net by oanlein wurde. En dat is tige teloarstellend, fine de Harnzer ûndernimmers.

De VVD yn Harns fynt it mar nuver dat it plan no oars en soberder útfierd wurdt as wêr't it jild foar beskikber steld is. Se wolle no witte wêr't dy 100.000 euro dan op basearre wie. It nije stedspoadium yn Harns moat yn juny klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)