Stedskuier troch Dokkum om fisy te betinken

08 apr 2015 - 11:31
  • Huzen oan de Wortelhaven yn Dokkum

Ynwenners, ûndernimmers, belange-organisaasjes en in tal wethâlders út Dokkum hawwe woansdei meirûn yn in spesjaal organisearre stedskuier. De stedskuier is in inisjatyf fan de gemeente Dongeradiel en Bureau Rho adviseurs om mei-inoar in nije fisy te betinken foar de binnenstêd fan Dokkum.

De ynwenners en ûndernimmers koene woansdei harren ideeën en winsken foar de binnenstêd sadwaande foarlizze oan de inisjatyfnimmers. Dizze fisy wurdt brûkt foar it nije bestimmingsplan foar de binnenstêd.

De gemeente Dongeradiel wol foaral de winkelstruktuer en it ferkear yn de stêd oanpakke. Ek wolle se de stêd oantrekliker meitsje foar toerisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)