Stedsferwaarming even út

10 jan 2010 - 13:08
  • Sleatswâl mei twa meter snie by Ljouwert (foto: Greetje van der Molen)

Bewenners fan de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hawwe snein in skoftke yn 'e kjeld sitten. Der wienen problemen mei de stedsferwaarming. Dêrtroch koenen de goed tûzen huzen dy't op de stêdsferwaarming oansletten binne net op temperatuer brocht wurde.

Neffens in wurdfierder ûntstiene de problemen troch te min druk yn de liedingen. Hoe't dat koe, koe er net sizze. Yn it begjin fan de middei wienen de problemen neffens de wurdfierder foar it grutste part oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)