'Stedsferbod lestige stappers'

21 nov 2006 - 13:18

Minsken dy't har yn it Ljouwerter útgeanslibben faker as ien kear misdrage, moatte in stedsferbod krije kinne. Dat seit de Ljouwerter plysjesjef Marc Jacobs. De sjef docht syn útspraken woansdei yn it tv-programma Wyn op Woansdei fan Omrop Fryslân.

Ljouwerter hoarekabedriuwen krije yn it wykein in soad besite fan minsken út de rest fan de provinsje. In part fan dy besikers kin him net gedrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)