Stedsdowetille yn Snits?

22 jan 2004 - 00:00

Snits moat in stedsdowetille krije. Dat fynt alteast Geertje Petersen. Al 20 jier fuorret sy yn de tún fan har wenning yn Snits goed 80 stedsdowen. No't frou Petersen âlder wurdt, begjint se it sa stadichoan wol in hiele ferplichting te finen.

Ynkoarten wol se ophâlde mei fuorjen. Mar de fûgels oan har lot oerlitte wol frou Petersen ek net. Dêrom hat se by de gemeente in plan yntsjinne foar in stedsdowetille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)