Stedsdichter: twa oanmeldings

19 okt 2010 - 10:31
  • Stânbyld Gysbert Japicx yn Boalsert

Boalsert hat noch gjin stedsdichter fûn. De gemeente die yn septimber in oprop en dêr kamen mar twa oanmeldings op. De presintaasje fan 'e kandidaten op Bolletongersdei gie dêrom net troch. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders besjocht noch oft by de twa kandidaten dochs in geskikte stedsdichter sit. De stedsdichter fan Boalsert moat gedichten foardrage by op syn minst twa eveneminten yn 't jier. Dat mei yn it Frysk, Nederlânsk of Boalserters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)