Stedhûs opknappe mei Nuon-jild

18 jun 2013 - 16:17
  • It stedhûs fan Boalsert

It stedhûs fan Boalsert moat opknapt wurde mei Nuon-jild, as it oan Súdwest-Fryslân leit. De gemeente hat 28 projekten by de provinsje yntsjinne dy't mei in part fan de Nuon-jilden betelle wurde moatte soene. Sa wol Súdwest-Fryslân ûnder oare in kennissintrum foar de jachtbou- en metaalyndustry yn Snits en fergees WiFi yn de havens en stedssintra. Fierders moatte de seis Fryske stêden in moaiere oanblik krije foar toeristen. Boargemaster Apotheker makke de plannen tiisdei bekend.

Alle projekten kostje mei-inoar 92 miljoen euro. Súdwest-Fryslân freget 60 miljoen fan de provinsje. It oare part moat by bedriuwen en de gemeente sels weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)